Lieuwe Westra operearre

11 apr 2010 - 08:19

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is sneon operearre yn in Belgysk sikehûs. Westra bruts earder op 'e dei syn skouderbonke doe't er al nei tsien kilometer foel yn de Ronde van Drenthe. Neffens de dokters wie it in 'nette' breuk en kin Westra oer in pear dagen al wer op 'e fyts.

Ploechlieder Cornelisse fan Vacansoleil ferwachtet dat Westra de kommende fjouwer oant fiif wiken gjin wedstriden ride kin. Dêrtroch mist er ûnder oare de Amstel Gold Race.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)