It Fean bûcht let foar Twente

10 apr 2010 - 23:46

SC Hearrenfean koe it sneon krekt net oprêde tsjin FC Twente. Yn Enschede moast de koprinner fan de earedivyzje it spul meitsje en besocht Hearrenfean mei útfallen gefaarlik te wurden. In protte kânsen smiet dat beide net op.

Roy Beerens skeat yn de twadde helte hurd op de latte. De ferdediging fan de Feansters mei it nije duo Elm en Haglund moast yn de 70ste minút belies jaan. In hakbaltsje fan Nkufo waard troch Tioté fersulvere. Luuk de Jong makke yn de ekstra tiid de 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)