Twadde foarronde Liet

10 apr 2010 - 21:06

It Lietfestival hie sneon yn 'e Groate Kerk yn St. Jabik de twadde foarronde. De artysten dy't dêr nominearre binne, binne Carla de Wal, The Oak and the Ash en finalist fan ferline jier de Frysk sjongende Switser Rob du Jardin. Dit jier hat Du Jardin it ensemble fan Wiebe Kaspers by him.

Der komme no noch foarrondes yn Kollum, Easterwâlde en Ljouwert. Dêrnei bliuwe der fan 'e fyftjin nominearden tsien oer. Fia ynternet kin it publyk in alfde derby stimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)