Nij Frysk fanfarekonkoers

Fjirtich fanfare-orkesten stride dit wykein yn Drachten om it iepen Frysk fanfarekampioenskip. It is foar it earst dat it hâlden wurdt. De wedstriid is bedoeld om de fanfaremuzyk nij libben yn te blazen. De belangstelling foar fanfares waard de lêste tiid minder.
Op it konkoers yn sporthal De Splitting wurdt op fiif ûnderskate nivo's spile. It is de opfolger fan it Frysk Fanfare Festival dat de ôfrûne 28 jier hâlden is.