Winst foar Harkemase Boys

10 apr 2010 - 17:12

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat yn in doelpuntefestival mei 9-1 wûn fan Go Ahead Kampen. Yn Kampen waard it festival iepene troch Go Ahead. René van der Wey, Arjen Postma en Martijn Barto soargen foar in 3-1 foarsprong by it skoft.

It feestje gong yn de twadde helte gewoan troch. Martijn Barto, René van der Wey (2x), Arjen Postma (2x) en Ronald van de Heijden soargen foar in einstân fan 9-1. Tiisdei spylje de Boys tsjin koprinner Excelsior '31.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)