Westra brekt skouderbonke
Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein hat sneon by de Ronde van Drenthe in skouderbonke brutsen. Westra foel al nei tsien kilometer op in rotonde. By kontrôle yn it sikehûs die bliken dat syn skouderbonke stikken wie.
Ploechlieder Michel Cornelisse fan de Vacansoleilformaasje is benaud dat Westra foar langere tiid útskeakele wêze sil.