Alkoholkontrôles yn Fryslân

10 apr 2010 - 15:51

De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan in Drachtster (47) omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. De man waard yn de nacht fan freed op sneon betrape yn syn wenplak. Neist de alkoholkontrôle yn Drachten wiene der ek kontrôles yn de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim.

Mei-elkoar waarden mear as alvehûndert automobilisten kontrolearre, sân fan har krigen in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)