Flylân stapt nei rjochter

10 apr 2010 - 14:35

Flylân ropt de help fan de rjochtbank yn, yn syn striid tsjin in oanslach fan it wetterskip. De gemeente moat dit jier foar it earst in oanslach wettersysteemheffing betelje. Omdat de wetterkearing op it eilân net yn hannen is fan it wetterskip fynt Flylân it net terjochte dat de oanslach oplein is.

De gemeente gie al yn berop by it wetterskip, mar dat berop waard ôffwiisd. Dêrom wurdt de saak no foarlein oan de bestjoersrjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)