Motorrider fljocht út 'e bocht

10 apr 2010 - 13:28

In 33-jierrige motorrider út Boalsert is freedtejûn mei de motor fallen op de ôfrit fan de A7 by Aldehaske. Trochdat er te hurd ried, is de man út 'e bocht flein. Hy rekke in ferkearsboerd en kaam yn de berm telâne.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e earm nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)