Grutte koperdief oppakt

10 apr 2010 - 13:08

Mei de oanhâlding fan in man (25) út Surhústerfean hat de plysje in grut tal koperstellerijen oplost. Hy waard yn de nacht fan 28 op 29 maart oppakt by Koatstertille mei in stellen oanhingwein sûnder ljocht mei stellen boumateriaal derop.

Tegearre mei in 20-jierrige frou en in 17-jierrige jonge út Sebaldebuorren yn Grinslân hat de man koperen bliksemôflieders fan in soad monumintale tsjerken stellen. Dat barde yn 'e trije noardlike provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)