Brânwachtauto te keap

10 apr 2010 - 12:05

Der is in soad flecht op 'e koai foar de âlde brânwachtwein fan Opsterlân. De auto stiet te keap. Keapers koene de wein sneontemoarn besjen. As se belangstelling hawwe, moat it bod yn in slúf by de gemeente troch de bus dien wurde.

De heechste bieder kin de wein moandei oer in wike ophelje. Betingst is wol dat it bod heger wêze moat as 6000 euro. Dat is de minimumpriis foar de wein dy't ôfskreaun is. De bus kin as kemper noch jierren mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)