Rûte by oerboeren del

Foto: IIstiidmuseum Bûtenpost
Fytsers en kuierders kinne tenei yn de Wâlden in rûte meitsje by de plakken del dêr't de earste boeren har sa'n 6000 jier festigen. It giet om in fytsrûte fan 25 kilometer lang en in kuierrûte fan 10 kilometer.
De rûtes binne freedtejûn presintearre by de iepening fan in tentoanstelling yn it iistiidmuseum yn Bûtenpost. Dy giet oer de earste boeren yn 'e Wâlden. By de iepening waard ek in boek presintearre oer it ûnderwerp.