Nije algemien direkteur Oerol

Foto: Omrop Fryslân
It Oerolfestival hat in nije algemien direkteur. It giet om de 32-jierrige Marelie van Rongen út Amsterdam. Se hat noch nea op it festival west. Dizze simmer giet se der foar it earst hinne. It jier dêrop is se de nije algemien direkteur fan it festival.
Van Rongen wurket no by twa teaterselskippen as saaklik lieder. It giet om teatergroep Dox en teatergroep Het Syndicaat. Har foarnaamste taak op it Oerolfestival is jild binnen te heljen.