Krityk hegere erfpacht bliuwt

Foto: Omrop Fryslân
De feriening fan Skylger Erfpachters is net bliid mei it foarstel fan saakkundigen om de erfpacht te herheegjen. Foar fakânsjewenten op 'e Waadeilannen giet de pacht de kommende fiif jier yn etappes bot omheech.
Neffens Martinus Kosters fan de feriening giet it noch hieltyd om in ekssessive ferheging. Fierders wurdt Steatsboskbehear beskerme. De feriening sil op 'e nij stappen ûndernimme.