Stroef Cambuur wint wol

Nassir Maachi (foto: Omrop Fryslân)
SC Cambuur wûn freedtejûn yn it eigen stadion mei 1-0 fan FC Den Bosch en hat no it twadde plak definityf yn hannen. De wedstriid wie net geweldich. It winnende doelpunt foel yn de 37ste minút. Nei in pass fan Mark de Vries sette Sandor van der Heide op maat foar en kopte Nassir Maachi moai binnen.
Tsjinfaller wie it útfallen fan Danny Guijt en Mark de Vries al yn de earste helte. De blessueres fan beide mannen lykje lykwols ta te fallen.