REC mei lieding oanlizze

De lieding tusken de reststoffe- enerzjysintrale yn Harns en Frisia Sâlt kin oanlein wurde. It wetterskip hat derfoar in fergunning ôfjûn oan ôffalferwurker Omrin.
De piip is nedich om Frisia profitearje te litten fan de waarmte dy't oer is nei it ferbaarnen fan it ôffal yn de oven. No't dy fergunning der is, set Omrin takom wike al útein mei it wurk. De ferwachting is lykwols wol dat tsjinstanners fan de ôffaloven noch beswier oantekenje sille.