SGP Fryslân slim teloarsteld

De SGP yn Fryslân is swier teloarsteld oer de útspraak fan de Hege Ried. Yn Den Haach is freed sein dat de oerheid derfoar soargje moat dat de SGP froulju gelyk behannelet as manlju.
It is by de kristlike partij net mooglik foar froulju om op de kieslist te kommen. Yn Fryslân is de SGP net sa grut. Tom Bakker is it iennige riedslid foar de partij yn Dantumadiel. Bakker is net ek bliid. It SGP-bestjoer en it kabinet beriede harren no oer hoe't it fierder moat.