Gjin heger bod foar suvel-CAO

09 apr 2010 - 15:59

De Nederlandse Zuivel Organisatie NZO is net fan doel om mei in heger bod te kommen foar de suvel-CAO. Dat seit wurdfierder René van Buitenen. De NZO biedt 0,4 prosint leansferheging, mar de fakbûnen easkje 1,25 prosint.

De ûnderhannelings sitte fêst. De fakbûnen ha no in ultimatum steld oant woansdeitemiddei tolve oere. Komme de wurkjouwers foar dy tiid net mei in heger bod, dan folgje aksjes. Mooglik sil der dan ek staakt wurde. De NZO seit hjir net benaud foar te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)