NNO mei Lamsma op toernee

Simone Lamsma
It Noord Nederlands Orkest NNO sil konserten jaan mei de út Burgum ôfkomstige ynternasjonaal súksesfolle fioeliste Simone Lamsma. Dat hat it orkest freed bekend makke. Foar de sjef-dirigint fan it orkest, Michel Tabachnik, moat in opfolger socht wurde, want hy wurdt dirigint/artistyk lieder fan it Brussels Philharmonic.
Ek sil it NNO in rige konserten mei muzyk fan de Ingelske rockband Queen fersoargje mei meiwurking fan Kast-sjonger Syb van der Ploeg.