De Kast is werom

09 apr 2010 - 15:01

In nije cd en in toernee. De Kast is wer hielendal werom. De manlju binne foar it earst sûnt it ôfskie yn 2002 wer de studio yndûkt om nije nûmers op te nimmen en om te repetearjen foar it earste optreden. Dat is sels foar muzikanten, dy't stadions fol krigen, tige spannend.

Op dy nije cd komt ek de titelsong fan de film De hel fan '63, De hel foarby. Foar de rest is it allegearre nij materiaal, dat noch net ien heard hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)