Fermist famke fûn yn De Falom

09 apr 2010 - 13:28

De fermiste Janna Visser fan Aldwâld is freedtemiddei weromfûn yn De Falom. It 13-jierrige famke wie freedtemoarn net oankommen op basisskoalle De Twine yn Dokkum. Se wie wat oerstjoer doe't se op de fyts nei skoalle gie. Wêrom krekt wit de plysje noch net.

Nei in oprop by Omrop Fryslân op de radio trof in tsjûge it famke oan yn De Falom. It famke mankearret neat. De plysje moat noch mei it famke prate oer har beweechredenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)