Kâns op staking yn 'e suvel

09 apr 2010 - 12:08

Meiwurkers fan Fryske suvelfabriken binne ree om takom wike it wurk del te lizzen. De fakbûnen fiere al skoften aksjes foar in leansferheging fan 1,25 prosint, mar de suvelkorperaasjes wolle net fierder gean as 0,4 prosint.

De fakbûnen makken ôfrûne wike in ronde by de fabriken del en troffen op de measte plakken in aksjereewilligens fan 100 prosint oan. De aksjes sille foarearst gjin gefolgen hawwe foar boeren dy't molke leverje oan de fabriken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)