'Oerlêst yn binnenstêd grut'

De oerlêst fan jongerein yn de binnenstêd fan Ljouwert is grut
De oerlêst fan jongerein yn de binnenstêd fan Ljouwert wurdt hieltyd grutter. Dat stelt it wykpanel fan de binnenstêd. Ek it hege oantal coffeeshops yn de stêd is in probleem neffens it panel.
In petear mei de gemeente en de plysje moat dizze ûntwikkelings keare. It wykpanel wol ôfspraken mei gemeente en plysje meitsje om de oerlêst oan te pakken. De trije partijen prate dêr tiisdei oer.