Mooglik gaswinning by Ie

09 apr 2010 - 10:35

In mearderheid fan de gemeenteried fan Dongeradiel giet akkoart mei de bou fan in gaswinynstallaasje by Ie. De ried fynt it belang fan de ynstallaasje grutter as de beswieren. Ferskate ynwenners fan Ie wolle net dat de ynstallaasje der komt, om't se benaud binne foar grûndelgong.

Neffens de Nederlandse Aardolie Maatschappij sit der genôch gas by Ie om Fryslân meardere jierren op stoke te litten. It Ryk moat beslute oft de ynstallaasje der ek echt komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)