Froulju Hearrenfean spylje lyk

09 apr 2010 - 10:14

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn mei 1-1 lyk spile tsjin koprinner AZ út Alkmaar. Sylvia Smit skeat de thúsklup foar it skoft nei in foarsprong. Nei de pauze kopte AZ ynfalster Stephanie van der Gragt de lykmakker tsjin de touwen.

It lykspul wie terjochte fûn trainer Rick Mulder. Syn alvetal wie foar it skoft de bettere. Yn de twadde helte wie AZ de baas. Alle ploegen yn de earedivyzje spilen tongersdei lyk. Hearrenean bliuwt lêste mei 14 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)