Mei 90 km/oere troch Ljouwert

09 apr 2010 - 09:52

De plysje hat tongersdei fjouwer bekeurings útdield foar te hurd riden op de Grinzerstrjitwei. De buert klaget al in skoft oer automobilisten dy't te hurd ride. Op de dyk mei mar 50 kilometer yn de oere riden wurde.

Trije fan de fjouwer bestjoerders dy't tongersdei in boete krigen rieden mear as 90 kilometer de oere. By de fjirde stie 83 kilometer de oere op 'e teller. Twa fan de fjouwer ha noch mar krekt it rydbewiis en krije in strafpunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)