Gjin Burgernet Dongeradiel

Dongeradiel docht noch net mei oan Burgernet
Dongeradiel docht foarlopich net mei oan Burgernet. Neffens boargemaster Waanders is der gjin jild foar. Mei Burgernet kinne ynwenners fan de gemeente de plysje helpe om dieders fan bygelyks in ynbraak op te spoaren of út te sjen nei in fermist bern.
Minsken krije dan in sms-berjocht op harren mobile tillefoan mei in omskriuwing fan de dieders of it bern. Dongeradiel wol yn de takomst al meidwaan oan Burgernet, mar it is net dúdlik wannear't der wol jild foar is.