Fragen oer fleanbasis Ljouwert

De VVD yn Ljouwert wol witte oft de Ljouwerter fleanbasis iepen bliuwe kin
De VVD yn Ljouwert wol witte oft de fleanbasis yn Ljouwert iepen bliuwe kin. It stelt fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders nei oanlieding fan in rapport oer de fleanbases yn Nederlân. Dat raport stelt dat de Nederlânske jachtfleantugen safolle mooglik op ien basis stasjoneard wurde moatte.
De VVD wol witte wat de foar- en neidielen fan de Ljouwerter fleanbasis binne yn fergelyk mei de basis yn Volkel.