Stadionferboden SC Hearrenfean

08 apr 2010 - 17:04

Sportklup_Hearrenfean hat alve fans in stadionferbod oplein. Se soargen op 20 febrewaris foar opskuor yn it sintrum fan Waalwyk, dêr't Hearrenfean de wedstriid tsjin RKC spylje moast. De fans giene op de fúst mei supporters fan RKC.

Seis fan de alve binne in jier lang net wolkom yn it Abe Lenstra-stadion. De oare fiif binne yn earste ynstânsje tydlik net wolkom. Dat hat te krijen mei it ûndersyk dat noch rint nei de belutsenheid fan de fans by de rellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)