Soad jild stellen by Qbuzz

08 apr 2010 - 15:28

By in ynbraak yn de kantine fan ferfiersbedriuw Qbuzz yn Drachten is foar tsientûzenen euro's stellen. Yn it gebou op bedriuweterrein A7-Noord binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei alle klûskes fan de bussjauffeurs iepenbrutsen. De moarnsploech ûntduts de stellerij tsjin healwei fiven.

De dieven binne útnaaid mei jild en strippekaarten. Om binnen te kommen hawwe de dieders in rút ynsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)