Wurkstraf yn saak bernerôf

It gerjochtshôf yn Ljouwert
In 56-jierrige plysjeman en syn frou hawwe tongersdei 180 oeren wurkstraf en 6 moanne selstraf ûnder betingst krigen, om't se yllegaal in famke meinommen hawwe fan de Filipinen. It hôf leit dizze straf op fanwege it ferfalskjen fan de berte-akte en it brûken dêrfan.
It echtpear krige yn 2006 in poppe yn de hannen drukt op de Filipinen mei it fersyk fan de biologyske mem om der foar te soargjen.