Studint058 bliuwt aktyf

De ferkiezingsposter fan Student058
De studintepartij yn Ljouwert, Student058, sil de kommende jierren geregeld op de hegeskoallen yn Ljouwert kampanje fiere. De nije partij helle de gemeenteried net by de ferkiezings fan maart.
Dat kaam foaral, omdat in soad studinten net op de hichte wiene fan it bestean fan de partij. In kampanje op de skoallen moat dêr feroaring yn bringe, sadat Student058 by de folgjende ferkiezings wol yn de ried komt.