Plysje siket eigners koper

08 apr 2010 - 11:49

De plysje siket de eigners fan koperen foarwerpen, dy't stellen binne op begraafplakken yn Ljouwert. Tusken desimber ferline jier begjin maart dit jier namen dieven koper mei fan grêven yn Ljouwert.

De plysje hâlde twa fertochten oan. Dit binne twa ynwenners fan de haadstêd, mar dy sizze net wêr't dat guod wei komt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)