Lammen deabiten yn Appelskea

08 apr 2010 - 10:06

Trije hûnen ha woansdei yn in stik greide oan de Mennewei yn Appelskea twa lammen deabiten. De plysje hie der in melding oer krigen. In it stik greide waarden twa deade lammen en ien swier ferwûne laam oantroffen.

De hûnen wiene útnaaid nei de bosken yn de omjouwing. De plysje hat de eigner achterhelle. It giet om in man út Bovensmilde. Dy sei dat de hûnen útnaaie koene, omdat in doar iepenstien hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)