'Alkoholpoly MCL moat bliuwe'

Alkoholpoly's moatte bliuwe
De alkoholpoly's meie net fuort besunige wurde, dêr pleitet bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL foar. Hy wurket op de alkoholpoly fan it MCL. Minister Klink hat plannen om op de poly's te besunigjen, omdat hy fynt dat de sikehuzen der sels mei rêde moatte. In databank dêr't alle gegevens yn bewarre wurde en dêr't alle spesjalisten ynformaasje út helje kinne, komt dan ek faai te stean.
Dat soe betsjutte dat it ûndersyk fan de ôfrûne twa jier foar neat west hat.