Koudum krijt dochs in plein

Der komt dochs in pleinôfslutend gebou yn Koudum. Nijefurd set de plannen dêrfoar troch, ek al duorret de juridyske striid dêroer no al fiif jier. It gebou moat njonken de Martinitsjerke komme, op it plak fan restaurant de Pauw en de drogisterij. Dy binne al ôfbrutsen. Omwenners hiene sukses mei har beswieren tsjin de nijbou by de Raad van State.
De gemeente hat no alle prosedueres opnij dien mei as resultaat dat de bou dit jier noch begjinne kin.