Coach foar Antilliaanske bern

Antilliaanske bern yn Ljouwert hawwe gjin taalachterstân yn it Nederlânsk, mar wol yn it Papiamintsk. Dat komt nei foaren yn it projekt 'Meer taal, meer kansen'.
Yn septimber is dit projekt begûn om de taalûntwikkeling fan Antilliaanske bern te ferbetterjen. By de dielnimmende gesinnen komt in taalcoach del. Sa lêze foar út berneboekjes. De proef duorret noch oardel jier. Dêrnei wurdt sjoen oft it fertuten dien hat.