Minder bedriuwen fallyt

(argyffoto)
Der binne dit jier minder Fryske bedriuwen fallyt gien as yn deselde perioade ferline jier. De earste trije moannen moasten 43 ûndernimmingen de doarren slute, tsjin 57 yn deselde perioade ferline jier. Lanlik gie it tal falliseminten omheech.
Neffens saakkundigen is it noch te betiid om de flagge út te stekken. Sa die út de lêste sifers fan de Keamer fan Keaphannel bliken dat in grut tal Friezen de kommende tiid har wurk ferlieze.