VVD net wiis mei kandidatelist

07 apr 2010 - 12:19

De Fryske VVD is ûntefreden oer de kandidatelist foar de Twadde Keamer. It lanlik bestjoer hat de list makke foar de ferkiezings yn juny. De Fryske VVD fynt dat te min kandidaten út de regio in heech plak krigen ha. De earste is Anne-wil Lucas op it 29e plak. De kâns dat se ek yn de Keamer komt, is lyts.

It lanlik bestjoer hat keazen foar regionale kandidaten by de earste 30. Dat hie by de earste 20 wêze moatten fynt Jaarsma fan de Fryske VVD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)