Undersyk nei soarch âlderein

Soarchgroep Pasana yn Dokkum siket in pear hûndert âlderen dy't meidwaan wolle oan in grut ûndersyk. It giet om in ûndersyk dat helder meitsje moat watfoar soarch âlderen eins nedich hawwe. Dat is no lang net altyd sa. Pasana freget âlderen yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en pasjinten fan it Huisartsen Centrum Dokkum.
It ûndersyk wurdt hâlden yn hiel Noard-Nederlân. Sa'n tweintich soarchynstellings dogge der oan mei.