Koikarpers stellen

07 apr 2010 - 10:10

Ut in fiver oan De Kromten yn Waskemar binne sneintenacht 28 koikarpers stellen. Doe't de eigner de fisken moarns fuorje soe, ûntduts er dat se fuort wiene. Koikarpers binne djoere fisken. Yn de fiver siet in tal topkarpers. De eigner tinkt dat kenners syn fisken stellen ha.

De plysje siket minsken dy't mooglik wat sjoen ha fan de stellerij. Minsken mei tips wurdt frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)