Plysje pakt scooterrider op

07 apr 2010 - 10:09

De plysje hat tiisdei de bromscooter fan in man út Ljouwert yn beslach naam. Surveillearjende plysjes seagen de man op it Vrijheidsplein riden, en wisten dat er gjin rydbewiis hie. Se besochten him oan de kant te setten, mat de man die dat net.

De plysje hat him doe thús opsocht, hy soe doe krekt de scooter yn it hok sette. De man is oanhâlden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)