Sosjaal Team T'diel súkses

06 apr 2010 - 21:55

It Sosjaal Team is sa'n grut sukses, dat de gemeente Tytsjerksteradiel der mei trochgiet. It Sosjaal Team bestiet 10 jier en bestiet út helpferlieners fan ferskillende organisaasjes. Se besykje sa betiid en sa effisjint mooglik minsken te helpen dy't troch omstannichheden yn de problemen kommen binne. Tiisdei setten de njoggen organisaasjes yn Burgum opnij har hantekenen ûnder de oerienkomst.

Oan tafel sieten ûnder oare de plysje, maatskiplik wurk en GGZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)