Houtkoop ferlit SC Hearrenfean

Houtkoop giet nei SC Heracles
Xander Houtkoop hat der foar keazen om Sportklup Hearrenfean te ferlitten. Hy spilet takom seizoen foar Heracles Almelo, dêr´t hy in kontrakt tekenet foar twa jier, mei in opsje foar noch in jier. Houtkoop krige ferline wike te hearren dat Hearrenfean syn kontrakt ferlinge wol, mar de 21-jierrige linksbûten kiest no foar de ploech fan trainer Gertjan Verbeek.
Houtkoop wie dit jier útliend oan FC Emmen. Foar it earste alvetal fan Hearrenfean kaam Houtkoop nea út.