Smellingerlân betellet te let

06 apr 2010 - 19:59

Troch in misferstân binne yn Smellingerlân de bystânsútkearings oer de moanne maart te let útbetelle. It giet dan om alvehûndert minsken dy't langer op har jild wachtsje moasten. De gemeente hie op tongersdei foar de Peaske de betelopdracht te let oan de bank trochjûn. Dat moat in pear oeren earder as der feestdagen oan sitte te kommen.

De gemeente hat syn ekskuzes oanbean en ferwachtet dat it jild hjoed by de minsken op de rekken stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)