Dea famke (2) is 'deaslach'

De frou út Drachten en har freondinne út Valkenswaard wurde beide fertocht fan deaslach fan it twajierrich dochterke fan de Drachtster frou. Dat hat de rjochtbank yn Den Bosch tiisdei bekend makke.
De froulju brochten sneontemoarn it swierferwûne famke nei it sikehús dêr't se letter stoarn is. De froulju wiene op in feest yn in flat yn Eindhoven, noch hieltyd is net dúdlik wat him dêr ôfspile hat.