Fûgels dea troch plaksel

De fûgels dy't heal maart dea oanspielden op de strannen fan Flylân, Texel en Noard-Hollân binne om it libben kaam troch poly-isobuthyleen. Dat hat it NIOZ, it ynstitút foar see-ûndersyk op Texel útfûn. It guod wurdt ûnder oare brûkt foar it meitsjen fan plakbân en kaugom. De stof is nei alle gedachten yllegaal op see loasd.
It NIOZ hat sa'n 55 deade fûgels tastjoerd krigen, mar tinkt dat der noch folle mear slachtoffers binne.