Smellere dyk min foar bedriuw

06 apr 2010 - 16:02

Undernimmers yn Sint Jânsgea sitte yn noed oer de berikberens. Troch dykfersmellings en drompels wurdt it foar frachtweinen dreger om by de bedriuwen te kommen. Doarpsbelang hat de gemeente frege om in oplossing.

Der binne plannen om de Badwei smeller te meitsjen. Dat soe feiliger wêze foar fytsers en fuotgongers. Foar de frachtweinkombinaasjes is der dan ek minder plak. Grutte bedriuwen lykas koekebakker Peijnenburg en breabakker Van Dijk binne dêr net bliid mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)