Hynsteman Smeding ferstoarn
Ald-pikeur en trainer Tjitse Smeding is ferstoarn yn in sikehûs yn Frankryk. Hy hie in akute ynfeksje oan de alfleisklier.
Smeding wie de meast súksesfolle trainer en pikeur fan dravers yn Fryslân ea. Hy waard njoggen kear kampioen fan Nederlân. Tjitse Smeding is 55 jier wurden.