Treinsteuring ferholpen

06 apr 2010 - 14:47

It treinferkear tusken de stasjons Grou-Jirnsum en Akkrum is tiisdei om sawat tolve oere wer op gong kaam. De moarns rieden der gjin treinen omdat de spoarbrêge by Akkrum stikken wie. De brêge fergrendele wol nei it tichtgean, mar dat sinjaal waard net trochjûn oan 'e seinen.

Treinreizgers dy't tiisdeitemoarn nei Swolle woene, waard oanret om oer Grins te gean, omdat der gjin bussen ynset waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)